Houseparty goed ferrûn

20 sep 2004 - 11:37
Foto: Omrop Fryslân

De houseparty 'Masters of hardcore', sneontejûn en -nacht yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean, hat goed 15.000 besikers lutsen. Al om 09.00 oere wie it drok by it stadion. De plysje wie mei 80 minsken oanwêzich.

Mei inoar binne der 16 minsken oanhâlden, foaral om't se xtc-pillen by har hiene. Fierder dielde de plysje twa bekeurings út foar fernieling fan in bushalte en in boerd by it NS-stasjon. It feest duorre oant 06.00 oere.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)