Dijkstra c.s. wint Aldehoupartij

© Omrop Fryslân
It partoer Johannes Dijkstra, Jacob Wassenaar en Douwe Groenendijk hat sneintemiddei de Aldehoupartij yn Ljouwert wûn. It trio wûn yn de finale mei 5-3 en 6-6 fan Rutmer van der Meer, Herman Sprik en Taeke Triemstra.
De tredde priis wie foar it trio Sibbele Lootsma, Tjitte Bonnema en Gerrit Flisijn. Auke v.d. Graaf is winner fan it LC-punteklassemint mei 49 punten. Chris Wassenaar is twad mei 48 punten.