Appingedam - De Jouwer: 1-1
Sneinshaadklasser De Jouwer hat sneintemiddei yn in útwedstriid 1-1 gelykspile tsjin Appingedam. Foar de ploech út Appingedam skoarde Bob Mulder al nei 2 minuten de 1-0. Geert-Jelle de Vries makke nei 32 minuten mei in kopbal de gelykmakker.
Yn de twadde helte barde der net folle, wêrtroch de skoare fan 1-1 stean bleau. Undanks it earste punteferlies foar De Jouwer dit seizoen, bliuwt de ploech oan kop stean yn de Haadklasse C.
Trefwurden:
argyf