Stroomsteuring NW-Fryslân

19 sep 2004 - 17:44

In grut diel fan it Noardwesten fan Fryslân hat sneintemoarn twa oeren sûnder stroom sitten. Dat kaam troch koartsluting yn in ûnderstasjon by Hjerbeam. Under oare Harns, Ried, Mullum, Berltsum, Bitgummole, Marrum en Sint Anne waarden troffen.

It treinferkear tusken Dronryp en Harns rûn flinke fertraging op. Tsjin 10.00 oere wie de steuring foarby. Hoe't de koartsluting ûntstean koe, wurdt noch fierder ûndersocht troch Nuon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)