CDA gear oer útspraak Bijman

19 sep 2004 - 14:46

It CDA Fryslân hâldt takom wike krisisberied oer de oanfal fan deputearre Bijman (CDA) op fraksjefoarsitter Van der Ham. Bijman sei freed dat it CDA in polityk lieder mist.

Bijman hie wollen dat Van der Ham it debat oer it winnen fan gas yn de Waadsee better regisseard hie. No rûn dat hast út op in bestjoerskrisis. Foarsitter Miedema fan it CDA is net gelokkich mei de útspraken fan Bijman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)