PC-winners huldige yn Ljouwert

19 sep 2004 - 14:31

Oardel moanne nei't se de PC wûn ha, is sneon it partoer fan Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger huldige troch de gemeente Ljouwert. De kening fan it earsteklasse partoer, Iseger, komt fan Huzum yn Ljouwert.

De keatsers waarden mei in boatsje fan it Lyts Skavernek nei de Harmonie fearn, dêr't boargemaster Dales klearstie om har te huldigjen. Dêrnei waard it feest fierder fierd yn sealesintrum Tivoli oan de Huzumerleane.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)