Bernelokker yn Bûtenpost

© Omrop Fryslân
Yn de Bernhardleane yn Bûtenpost is freed in bernelokker sjoen. In famke fan 9 fytste troch de strjitte doe't in unbekende man har oanspruts en frege oft se mei him mei woe nei hûs ta. It famke skrok derfan en fytste gau nei hûs. Dêr warskoge se har mem. Dy alarmearre op har beurt de plysje.
De plysje hat noch oan it sykjen west. It gie om in man fan tusken de 30 en 35 jier. Hy hie in blauwe spikerbroek en in koarte swarte learen jas oan.