IIsklub krijt no pas fergoeding

18 sep 2004 - 16:00

De iisklub fan Bantegea krijt tsien moannen nei de reparaasje fan de iisbaan yn it doarp noch in fergoeding dêrfoar fan de gemeente. Doe't de baan oan de Meester Wijmawei ferline jier ûnder wetter setten waard die bliken dat der oan de kant fan de boskjes in lek siet. Dat moast doe fuortendalik oplost wurde, omdat der in froastperioade oan siet te kommen.

Pas letter koe der mei de gemeente oerlein wurde oer de kosten: 3600 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)