Filmfestival skeakelt Keamer yn

© Omrop Fryslân
It Noardlik Filmfestival hopet dochs noch op Rykssubsydzje foar dit jier. Organisator Anneke van Renssen fan it Sintrum foar Film yn Fryslân hat dêr yn in brief oan de Twadde Keamer om frege.
Oant twa kear ta is de subsydzje ôfwiisd, om't it gean soe om in regionaal festival. Mar neffens Van Renssen hat it Noardlik Filmfestival sels ynternasjonale betsjutting mei de ynterregiokompetysje. It festival is fan 10 oant en mei 14 novimber.