Fean ferliest mei sealfuotbal
De sealfuotballers fan it Hearrenfean stean ek nei trije wedstriden yn de earedivyzje noch mei lege hannen. Freed wie TCK de Hommel ut it Brabânske Sint-Michielsgestel een maatsje te grut. Hearrenfean ferlear mei 6-2.
In klasse leger die it Stienster Avanti it in stik better. Tsjin de Leekster Eagles út Grinslan waard freed thús mei 7-5 wun. By rêst stienen de Stiensers noch mei 3-2 achter. Foar Avanti skoarde Simon Aronds trije kear.
Trefwurden:
argyf