KNAW wol mear ynfloed op FA

© Omrop Fryslân
De KNAW wol mear ynfloed op de Fryske Akademy. De KNAW is mei de provinsje de belangrykste jildsjitter. Foar de simmer waard dúdlik dat de Akademy finansjeel yn swier waar sit. De wittenskiplik en saaklik direkteur moasten har funksje opjaan.
De KNAW wol hurde ôfspraken meitsje oer fiergeande gearwurking en tafersjoch op finansjeel mêd. Der is al útfûn dat in miljoen yn projekten stutsen is dy't minder subsydzje opsmieten as tocht.