Jild werom Container Cleaning

© Omrop Fryslân
Sa'n lytse hûndert dupearren út de gemeenten Eaststellingwerf en Smellingerlân krije jild werom fan it bedriuw Container Cleaning. SP-riedslid Michel Collins út Eaststellingwerf hat dat regele mei it Drachtster bedriuw. Hy hat mei-inoar 600 klachten sammele oer de minne skjinmakprestaasjes fan it bedriuw. De oare fiifhûndert klachten sil ek noch besjoen wurde. Mooglik krije dy minsken ek harren jild werom.