Keninginnerit Vuelta yn Spanje

17 sep 2004 - 13:49

It is tongersdei in belangrike dei foar hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema. Yn 'e Vuelta wurdt de Keninginnerit riden fan Almeria nei it Observatorio de Calar Alto. Yn de rit oer 145 kilometer sitte trije hege bergen. De einstreek leit berchop.

Weening is it begjin fan 'e Vuelta goed trochkommen. Hy hat sin oan de berchetappes, want de Harekiet is in goeie klimmer. Syn doel is om him yn 'e bergen sjen te litten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)