Frachtauto rydt oer frou hinne
In 88-jierrige frou út Snits is tongersdei om it libben kommen by in ûngelok. Dat barde op de Lemmerwei yn har wenplak, doe't in frachtauto achterútried. De 61-jierrige sjauffeur út Drachten seach de frou mei de rollator oer de holle en ried mei it linker achtertsjel oer har hinne.
It Buro Ungefalle-analyze fan de plysje hat de saak yn ûndersyk.
Trefwurden:
argyf