Doeksen: konkurrinsje minne saak

© Omrop Fryslân
Doeksen kin de kwaliteit fan it persoaneferfier net mear garandearje as der konkurinsje op it frachtferfier bykomt. De rederij mei tenei net mear as iennige de los- en laadbrêgen fan Rykswettersteat yn de havens fan Flylân en Skylge brûke.
De steigers binne betelle mei mienskipsjild. Ek oare ferfierders moatte der gebrûk fan meitsje kinne. Winterdeis kin de kontinuiteit wolris yn gefaar komme, warkôget Doeksen.