Fûgelhutte yn polder by Anjum

16 sep 2004 - 17:33

Yn de Bantpolder by Anjum wurdt takom jier in fûgelhutte boud. De hutte komt fersonken yn it lânskip te lizzen. De fûgelobservaasjeromte is fan glês en biedt plak oan 25 minsken. It ûntwerp is bysûnder: in skip op 'e kop.

Om de guozzen yn de polder net te fersteuren, wurdt in paad fan 400 meter oanlein dat foar in part ûnder de grûn leit. It projekt kostet sa'n fjouwer ton. It grutste part dêrfan betellet de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)