Grinslanners foar Suderseeline

16 sep 2004 - 17:15

In grutte mearderheid fan 'e ynwenners fan Grinslân is foar de komst fan 'e Suderseeline. Dat docht bliken út in telefoanyske enkête fan RTV Noord. Mear as twatredde fan 'e 750 ûnderfrege minsken is foar de Suderseeline.

Mar ek yn Grinslân tinke de minsken der hiel ûngelyk oer hoe't dy trein der krekt útsjen moat. De magneettrein, de hegesnelheidslijn en de yntercity skoare ûngefear like heech. Grinslân wol hjir in referindum oer hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)