Jild foar suvering bûtengebiet

© Omrop Fryslân
Dongeradiel lûkt 2,5 miljoen euro út foar oanlis fan suveringsynstallaasjes yn it bûtengebiet. De gesinnen moatte sels 1000 euro meibetelje. Fan takom jier ôf mei ôffalwetter net mear loasd wurde op oerflaktewetter.
Earder frege de gemeente goed 2000 euro foar it pleatsen fan in ferbettere septictank. In soad ynwenners fûnen dat te djoer. Dongeradiel tinkt dat de measte gesinnen yn it bûtengebiet meidogge oan de nije ynstallaasje.