Achtkarspelen: minder besunigje

16 sep 2004 - 12:29

Achtkarspelen hoecht minder te besunigjen as tocht waard. Nije sifers fan it gemeentebestjoer litte sjen dat takom jier 1,4 miljoen euro besunige wurde moat. Earder waard útgien fan in tekoart fan 2,2 miljoen euro.

Yn oktober wurdt dúdlik wêr't de gemeente op besunigje wol. Foar de simmerfakânsje waard al dúdlik dat de politike partijen net besunigje wolle op de swimbaden. Baden yn Surhústerfean en Bûtenpost soenen ticht moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)