Politisy tsjin winnen nij gas

© Omrop Fryslân
De Fryske polityk bliuwt tsjin winning fan nij gas út de Waadsee. Dat die woansdei bliken yn in gearkomste fan Provinsjale Steaten. In foarstel fan DS om kabinet en Twadde Keamer in brief te skriuwen dat Fryslân foar nije gaswinning is, helle it net.
It provinsjebestjoer is foar winning fan gas op besteande en nije boarplakken. In mearderheid naam de moasje fan Grien Links oan om gjin posityf advys oan it Ryk te jaan.