Máxima by Batavus op jierdei

16 sep 2004 - 10:43

Prinses Máxima hat woansdei yn it Batavusfabryk op It Hearrenfean de 10 miljoenste fyts ôfmonteard. Sy die dat yn it ramt fan it 100-jierrich jubileum fan Batavus. Máxima kaam mei de heli- kopter en bleau oardel oere op It Fean.

It wie it earste publike optreden sûnt moannen fan de prinses, dat der wie in soad belangstelling fan de parse. Máxima sette it sadel op de 10 miljoenste fyts, prate wat mei it personiel en sette doe wer ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)