Opsterlân haldt rekken mei ramp

15 sep 2004 - 17:17
Foto: Omrop Fryslân

Yn de gemeente Opsterlân wurdt rekken hâlden mei ûngeregeldheden by de besite fan de Europeeske ministers fan Yntegraasje oan Beetstersweach. Der wurdt oefene op in eventuele ramp en de draaiboeken foar need lizze klear.

De 25 ministers komme yn novimber útfanhûs op Landgoed Lauswolt yn Beetstersweach. It 4-stjerrehotel sil dêrom swier bewekke wurde. De ministers binne hjir foar in 3-daachse top oer yntegraasjebelied yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)