Stoflik omskot fermiste frou fûn

15 sep 2004 - 16:46

It stoflik omskot fan de fermiste Griet Bosma út Ljouwert is tiisdeitemiddei fûn yn in wetter fan it Abbingapark yn Ljouwert. De frou is nei alle gedachten ferdronken. De plysje tinkt net dat it om in misdriuw giet.

De frou wie sûnt ferline wike tongersdei fermist. Se wie yn betize tastân fuortrûn út de psychiatryske klinyk by it MCL yn Ljouwert. Op ferskate plakken yn de stêd wiene affysjes mei har foto ophong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)