Trije falskemunters oppakt

15 sep 2004 - 11:44
Foto: Omrop Fryslân

In 36-jierrige man út Ljouwert en in man en frou fan 28 en 40 jier út Litouwen binne oanhâlden om't se mei falsk jild betellen. De trije ha yn it Noarden fan Nederlân foar sa'n 10.000 euro oan falsk jild útjûn.

Se brûkten falske briefkes fan 100 euro en kochten dêrfoar breedbyldtelevyzjes en kompjûters. De fertochten ha grutte bedraggen op in bankrekken yn Litouwen stoart. Mooglik binne se belutsen by in kriminele organisaasje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)