Feehâlders kinne jild besparje

© Omrop Fryslân
Feehâlders kinne wol 900 euro besparje op enerzjy- en wetterlêsten. Dat docht bliken no't in tal bedriuwen trjochljochte binne. Dat is bard yn it ramt fan in projekt dat spilet yn Noardeast-Fryslân.
Feeboeren dy't lid binne fan de Noardlike Fryske Wâlden of wenje yn it eardere tongbliergebiet kinne meidwaan. Se wurde dêr noch mei in brief oer ynformearre. Der komt subsydzje fan 3 gemeenten, it tongblierfûns en NUON.