Aksje yn fersoargingshûs St Anne

© Omrop Fryslân
By fersoargingshûs Het Bildt yn Sint Anne sille takom wike tiisdei in pear pinsjonearre âld-meiwurkers wer oan it wurk. Se dogge dat fanwege in aksje op Prinsjesdei. Op it menu stiet dan âlderwetsk iten lykas postro en kabbeljau mei súpstip.
De meiwurkers fan it fersoargingshûs wolle sa protestearje tsjin de fersoberingsplannen fan it kabinet, lykas it ôfskaffen fan de preemje-ôflûk foar VUT en prepinsjoen.