It is dien mei de kokkelfiskerij

15 sep 2004 - 10:28

It is dien mei de grutskalige meganyske kokkelfiskerij op it Waad. De Ried fan Steate hat tiisdei it fersyk fan 'e fiskers om it kokkelfiskferbod tydlik op te heffen ôfwiisd. De Ried fan Steate tinkt dat de kokkelfiskerij negative gefolgen ha kin foar it Waad. Neffens in útspraak fan it Europeeske Hof fan justysje moat Nederlân yn dat gefal de kokkelfiskerij ferbiede.

It ryk woe de kokkelfiskers fan't hjerst noch ien kear fiskje litte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)