Sitvolleybalsters mei skrik frij

15 sep 2004 - 10:20

It nasjonale frouljus sitvolleybalteam hat tiisdei yn Athene in ûngelok hân. De paralympyske atleten wienen op wei nei in training doe't in auto tjin de bus oanried. Ien fan de spylsters kaam mei de holle tsjin it rút oan. Se hat in lichte harsenskodding op.

De twa Friezinnen, Aletta Adema-Slagter en Maria Poiesz, kamen mei de skrik frij. De sporters ha wol har training ôfwurke. It team is yn Athene de grutte favoryt om Paralympysk goud te winnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)