Pieter Weening 80ste yn Vuelta

© Omrop Fryslân
Pieter Weening einige yn de 11e etappe fan De Ronde fan Spanje yn it peloton. Dat hie in achterstân fan 1 minút en 11 tellen op de Amerikaan David Zabriskie. Dy hie hast de hiele etappe fan 166 km allinnich riden.
Yn it algemien klassemint de Vuelta feroare neat. De Amerikaan Floyd Landis bliuwt de lieder. Pieter Weening stiet op it 80ste plak. Woansdei is in rêstdei. Dêrnei komme noch inkele swiere berchritten.