Aris krijt nije houten flier

15 sep 2004 - 09:40

Basketbalferiening Aris krijt in nije flier. Yn de Ljouwerter sporthal It Kealledykje is tiisdei de lêste hân lein oan de nije basketbalflier. De demontabele flier is nedich om't de feriening dit jier earedivyzje spilet.

De ûndergrûn hat ek felle kleuren, oars wol Studio Sport net komme foar opnames. Foar in wedstriid is de flier yn twa oeren op te bouwen. Dat is wol in krekt wurkje: it giet nammentlik om 228 stikken hout.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)