Ynbrekkers mije Lemsterfeart

14 sep 2004 - 14:05

Ynbrekkers komme al fiif jier net mear yn de Lemsterfeart. De wenwyk op 'e Lemmer mei 275 huzen is al jierren mei rêst litten troch dieven. Dat komt troch in flinke opknapbeurt fan de wyk. Der kaam mear ferljochting en de huzen krigen bettere slotten.

Takom wike krije de wenningen it Keurmerk Veilig Wonen. It is de grutste wyk yn Fryslân dy't sa'n sertifikaat krijt. Mear wiken yn de gemeente Lemsterlân moatte opknapt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)