Bonifacius yn Dokkum útferkocht

14 sep 2004 - 13:54

De foarstelling fan de opera Bonifacius yn Dokkum is útferkocht. Dat is opmerklik om't de kaartferkeap foar de foarstellingen yn Ljouwert bot ôffoel. De opera is ferline wike trije kear opfierd yn de Harmonie yn Ljouwert. Alle kearen rekke de seal net útferkocht.

De opera fan komponist Henk Alkema en librettist en regisseur Peter te Nuyl wurdt ek noch opfierd yn Grins en Utrecht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)