'Spoedeaskjende help wol goed'

14 sep 2004 - 11:35

De spoedeaskjende help yn de Fryske sikehûzen is goed regele. Dat seit Klaas Schuurman. Hy is foarsitter fan de feriening fan Fryske sikehûzen. Hy reagearret op in lanlik rapport fan de sûnensynspeksje. Dêryn stiet dat de spoedeaskjende help net goed regele is.

Ek Fryske sikehûzen binne foar it rapport fan sûnensynspeksje ûndersocht. It MCL yn Ljouwert lit witte dat de spoedeaskjende help oeral noch bot yn ûntwikkeling is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)