Putsjes dwaan foar útkearing

© Omrop Fryslân
Utkearingslûkers út Harns en omkriten moatte miskien ferplichte oan it wurk. Maksimaal tweintich wurksykjenden wurde útkeazen foar putsjes. Derby kin tocht wurde oan túchoprêden, âlderein helpe en plantsoenen en tunen opknappe.
De Tsjinst Sosjale Saken en Wurkgelegenheid Noardwest-Fryslân fiert de putsjes by wize fan proef yn. Se hoopje dat de wurkleazen mei de ferplichte wurkûnderfining makliker oan in baan slagje.