Bonifacius kin net oer de kjeld
As it sneontejûn kâlder is as 18 graden, giet de opera Bonifacius yn Dokkum net troch. Dan kin it Noard-Nederlânsk Orkest net spylje, want de ynstruminten gean mooglik stikken. Ek is de kjeld net goed foar de sûnens fan de musizy, sa seit NNO-direkteur Vierkant.
Utfierend produsinte Annett Andriesen makket har gjin soargen oer de temperatuer. Se hat al in pear poerbêste waarmtekannonnen regele.
Trefwurden:
argyf