Opera Bonifacius te betiid

© Omrop Fryslân
De opera Bonifacius is mooglik te betiid yn it seizoen pland en dêrom binne de foarstellings yn Ljouwert net útferkocht. Dat seit produsinte Annett Andriesen. Foar de trije foarstellings yn De Harmonie binne de kear sawat 600 kaarten ferkocht, wylst der plak is foar 800 besikers.
De opera is hiel posityf ûntfongen. Hy hat ek noch publyk lutsen bûten de fêste operaleafhawwers. De opera sil no noch nei Grins, Dokkum en Utrecht.