Soad fraach nei aksjeboek

13 sep 2004 - 11:15

Der is by de jierlikse Sutelaksje fan Stichting it Fryske Boek grutte fraach nei it aksjeboek foar bern. Der binne yn de earste wike al hûnderten eksimplaren ferkocht fan it boek De Poes mei de Lange Sturt fan skriuwster Baukje Wytsma.

De romans Sykjend om it lêste wurd fan Durk van der Ploeg, De Mjitte fan Koos Tiemersma en It ferset fan Harmen Wind rinne ek goed. De opbringst fan 'e earste wike suteljen is 32.560 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)