Frou oerriden troch ponykarre
In jonge frou is sneontemiddei slim ferwûne rekke by yn in ûngelok mei in ponykarre. De 19-jierrige ried mei in freondinne op 'e karre yn in stik lân oan de Fjouwerkantsdyk doe't de wein tsjin in peal oankaam.
De frou foel fan de karre, dy't fuort dêrnei losskeat en oer de frou hinne ried. It slachtoffer is mei rêchklachten en ferlammingsferskynsels nei it sikehûs oerbrocht.