FK sloeproeien Terherne

12 sep 2004 - 16:08

It iepen FK sloeproeien by Terherne is sneon sawol by de manlju (Trewes 1) as by de froulju (Trewes 3) wûn troch sloeproeiferiening Trewes út Aldeboarn. Troch de hurde wyn wie de rûte oer de Terkaplerpoelen en de Snitsermar swier.

Benammen de passaazje fan de Herensylbrêge soarge troch de streaming foar in soad swierrichheden en moaie mominten foar it publyk. Twad by de manlju wie de Schotse Vier fan Skylge en tred Evert Deddes út Rotterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)