Autodief oanholden yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 34-jierrige ynwenner fan Ljouwert is sneintemoarn betiid oanholden troch de plysje op fertinking fan it stellen fan in auto. De fertochte waard yn de auto oantroffen op de Weaze. By kontrôle die bliken dat de auto op 29 of 30 augustus stellen wie op de Suderstrjitte yn Ljouwert.
By it fûllearjen fan de man binne ek noch heroine en kokaine fûn. De auto is feilich steld en de drugs binne yn beslach naam. De man is ynsluten.