Haventsje Alde-Ouwer útbaggerje

© Omrop Fryslân
It haventsje by it strân oan de Tsjûkemar by Alde-Ouwer moat útbaggere en fierder ûntwikkele wurde. Dat wol doarpsbelang fan Ousterhaule. It strantsje wurdt no faak brûkt troch surfers. Dy komme dan fierstente ticht by lytse bern dy't ek gebrûk meitsje fan it strân.
Doarpsbelang en de camping dy't oan de mar sit, wolle dat der in eigen plak komt foar de surfers. De gemeente Skarsterlân is posityf oer de plannen.