Harkemase Boys - Dronten: 6 - 1

© Omrop Fryslân
It krachtferskil wie minder grut as de útslach. Harkemase Boys wûn sneon de earste thúswedstriid fan it seizoen mei grutte sifers, mar kaam earst mei 0-1 achter. De Boys kamen gelyk troch in eigen goal en Lúdsen Hoogenberg skoarde 2-1. Yn 'e twadde helte makke Tony Alberda in penalty: 3-1. Dêrnei wiene de Harekieten los.
De 4-1 en 5-1 wiene fan Sander Hartman. De sechde goal waard makke troch Dennis Loer.