Marcel Hoekstra wint Festivalrin

12 sep 2004 - 12:54

Marcel Hoekstra is winner wurden fan de twadde Festivalrin yn Beetstersweach. De Drachtster hie inkelde kilometers selskip fan syn plakgenoat Foppe van der Heide, mar dy krige muoite mei it tempo en ferlear flink terrein.

Nei de 10 kilometer wie it ferskil oprûn nei 3 minuten en 3 sekonden. Jan van Dalen fan Donkerbroek waard tred, hast 5 minuten nei de winner. Lydia Klessens fan Ljouwert wûn de striid by de froulju.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)