Friezinnen nei Paralympics

© Omrop Fryslân
Oer in wike, op freed 17 septimber, begjinne yn Athene de Paralympyske Spelen. De Fryske ynbring is beheind, mar yn it sit-foljebalteam dogge twa Friezen mei: Aletta Adema (Toppenhuzen) en Maria Poiesz (Offenwier). Beide froulju ha in lange earelist. Trije kear wiene se mei Nederlân Europeesk kampioen en trije kear wrâldkampioen. It is foar it earst dat frouljus-sitfoljebal op de Paralympyske Spelen spile wurdt.