Skipeigners lilk op Snits

© Omrop Fryslân
Sechstich wenskipeigners yn Snits binne poer op de gemeente. Dy wol se op tige koarte termyn ferplicht oanslute op it rioel. De oansluting kostet de eigners seker fiiftûzen euro de man.
De wenboateigners ha al toilet- en douchefasiliteiten oan de wâl. Dy binne al oansluten op it rioel. De gemeente Snits jout ta dat de gong fan saken better kind hie en sil gau mooglik de problemen yn kaart brenge. Dêrnei sil op 'e nij in beslút nimme.