'Besunigings ferfier besprekke'

© Omrop Fryslân
Wethâlder Miedema fan de gemeente Frentsjerteradiel wol de besunigings yn it iepenbier ferfier keare. Hy ropt de Fryske steatefraksjes op om dêr noch ris goed nei te sjen.
Miedema hat him fan it begjin ôf ferset tsjin de besunigings fan trije miljoen euro. Dy ha benammen konsekwinsjes foar de leefberens op it plattelân. Miedema wol graach dat der op 'e nij oer praat wurdt. Hy stelt foar om it jild eventueel út de reserves te heljen.