CNV'ers wolle protestearje

© Omrop Fryslân
De reewilligens by de 30.000 CNV leden yn Fryslân om op 2 oktober nei Amsterdam ta te gean, is grut. Dêr is dan in lanlike manifestaasje tsjin it kabinetsbelied.
Doel fan de manifestaasje is om it regear op oare gedachten te bringen as it giet om saken as pre-pensioen en koartingen op oare sosjale regelingen. De kommende tiid binne der tal fan aksjes yn bedriuwen om minsken te ynformearjen oer de plannen.