Fakbûnen roppe op ta aksje

© Omrop Fryslân
De fakbûnen binne lilk op it kabinet. Se binne it net iens mei de plannen lykas it ôfskaffen fan it pre-pinsjoen en de pc-priveeregling.
Yn Drachten dielde it CNV tongersdei pamfletten út. Doel is safolle mooglik leden te mobilisearjen foar in lanlike aksjedei fan alle fakbûnen op sneon 2 oktober. De bûnen sille de kommende wiken de hiele provinsje troch om wurknimmers te wizen op it belang fan de demonstraasje.