Nettowinst Friesland Foods heger

09 sep 2004 - 17:14

Friesland Foods hat lêst fan tanimmende konkurrinsje. De omset fan it konsern is it lêste healjier mei fjouwer prosint ôfnaam oant 2.2 miljard euro. Dat komt troch de prizeslach by de supermerken. Konsuminten kieze faker foar húsmerken. De ynkomsten út merken as Appelsientje, Chocomel en Friesche Vlag binne wat sakke.

De nettowinst is mei njoggen prosint tanommen nei 35 miljoen euro. Dat komt fral troch legere lesten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)