Fryske fytsers net rap genôch

09 sep 2004 - 16:34

Roel de Vries fan Grins wûn woansdei it kritearium fan Westergeast. Hy wie nei 80 kilometer yn de einsprint rapper as Lambertus Koopmans fan Boalsert en Bart Beima fan Hurdegaryp. Krekt foar it lêste rûntsje foelen trije man. Dêrby ek Sierk-Jan de Haan fan Dokkum en Wiebe Smid fan Sweagerbosk.

Yn de einstân wienen mear Friezen: Herman Steensma (5) út Surhústerfean, Johan Dalstra (8) út Bûtenpost en Wim Stroetinga (10) út Aldeberkeap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)